Ferieningens

De federaasje bestiet mominteel út trije ferienings.

D.S.S.F.S. Aldgillis

Delftse Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje "Aldgillis" is ien fan de âldste ferieningen dy’t de Federaasje kinnen hat, mar lykwols ek de jongste. De Delftske feriening is oprjochte yn 1931, mar hat fan 2002 oant 2019 in sliepende posysje hân, troch in tekoart oan leden. Yn 2019 is de feriening út har sliepende posysje helle en is der nij libben ynblaasd troch Marten Wijnja en Sieger Falkena. Nei in lange syktocht hat it lêste bestjoer in protte ferteld oer de de feriening en har tradysjes. Fan it momint fan de weroprjochting ôf hat Aldgillis ek wer diel nommen oan de federaasje en har aktiviteiten. Aldgillis set har yn om de solidariteit ûnder Fryske studinten yn Dâlvert (Delft) te befoarderjen. Dit troch it organisearjen fan buorrels en

aktiviteiten. De feriening is noch altyd lyts, mar sjocht in stigende line yn it oantal leden. Giesto yn Dâlvert studearje, of hast in bruorke, freon, freondinne dy’t dat fan plan is, twifelje dan net om in kear del te kommen by in aktiviteit! Kontakt opnimme kin fia de side:www.aldgillisdelft.nl

W.S.S.F.S.

It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje, ôfkoarte as W.S.S.F.S. is de gesellichste feriening fan Weinum (Wageningen). Sûnt 1930 binne wy ûnder de slachsin “Om útens dochs thús” in selskip wêr minsken har belutsen by fiele. Wy fine it tige wichtich de Fryske taal en kultuer te stypjen yn it praten, lêzen, skriuwe en fansels it harkjen nei de moaie ferhalen wer’t elkenien mei delkomt. Fierders fine wy it ek hiel wichtich dat it op de ferieningsjûnen smûk en fertroud fielt. Us ferieningsjûnen binne meastentiids op tiisdei te jûns op ferskate lokaasjes troch Weinum. Omdat wy sels gjin pân ha, binne wy altyd tige kreatyf as it giet om lokaasjes. Op it stuit telt de feriening sa’n 40 leden. Wy organisearje ferskate aktiviteiten sa as in sprekkersjûn, buorrelje mei inoar, sport en spul en noch fan alles mear. Ek ha wy in pear kear yn it jier aktiviteiten mei de oare regionale ferieningen yn Weinum. Iens yn it jier ha we strjittekeatsen op ‘e merk yn Weinum, en oan it begjin fan it kolleezjejier ha wy it sylwykein. Kom foaral ris del op in aktiviteit yn Weinum of yn Fryslân. Folgje ús op social media om op de hichte te bliuwen!

F.F.J. Bernlef

Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef is sûnt 1925 de Fryske studinteferiening fan Grins en sadwaande in begryp yn de Grinzer studintewrâld. Bernlef is ferneamd nei de achtste iuwske, Fryske en bline bard Bernlef, dy’t neffens de oerlevering omdoarme troch de Grinzer ommelannen. Lykas ús feriening dat is, wie hy de konneksje tusken Fryslân en Grins. Mei likernôch 130 leden is Bernlef in lytse, smûke feriening sûnder ûntgriening dêr’t elts de moaiste tiid fan syn of har libben temjitte giet. By Bernlef kenne alle leden inoar en is eltsenien tige belutsen by it ferieningslibben. Oan de Túnstrjitte 22 hat Bernlef sûnt 1970 syn eigen sosjéteit, ‘de Pizel’. Binnen Grins is Bernlef lid fan de Contractus, de lokale keamer fan ferieningen, en sadwaande aktyf belutsen by it Grinzer studintelibben. Underwilens bliuwt de feriening in Frysk karakter hâlden, dat ta utering komt op tal fan wizen; de fiertaal fan de feriening is Frysk, wy binne fansels lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, jierliks biede wy Fryske les oan ús leden oan en wy hâlde kontakt mei de ôfdieling Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins om leden fan Bernlef de mooglikheid te bieden oan de universiteit Fryske fakken ôf te rûnen. Yn de hast 100-jierrige skiednis fan de feriening binne talrike tradysjes opboud, dy’t foar in grut part noch yn eare holden wurde. By Bernlef hâlde wy der ek ús eigen aktiviteiten op nei; spikerslaan wurdt hjir iverich dien en Barklúne is in sport dy’t allinnich by Bernlef beoefene wurde kin. Al mei al is Bernlef dé feriening om dyn studintetiid yn Grins ûnferjitlik te meitsjen en dy tagelyk thúsfiele te litten!