De Federaasje fan Fryske Studinteferienings

Federaasje

De Federaasje fan Fryske Studinteferienings, gauris ôfkoarten ta Federaasje, is in gearwurking fan ferskeidene Fryske studinteferieningen bûten de provinsje Fryslân. Op it stuit binne hjirby oanheakke DSSFS Aldgillis út Dâlvert (Delft), WSSFS út Weinum (Wageningen) en FFJ Bernlef út Grins. It doel fan de Federaasje is it stimulearjen fan gearwurking tusken de trije (eneventuele nije) Fryske studinteferienings. Meastal is dit yn de foarm fan mienskiplike aktiviteiten, lykas it Krystkongres yn Frjentsjer. Mar bygelyks kin dit ek wêze troch middel fan gearwurking by it oanlûken fan nije leden. De Federaasje hat in deistich bestjoer besteand út keazen leden fan de trije ferienings. Dêrboppe stiet in haadbestjoer besteande út de foarsitters en de eksternen fan de bestjoeren fan de trije ferienings.

Skiednis

De Federaasje is oprjochte op 22 desimber 1930, ûnder in stúdzje-midje in de kânselarij yn Ljouwert. Destiids wienen der noch mear Fryske studinteferienings oanslúten en bestie de gearwurking út: de Fryske stúdzjerûnte út Leiden, Redbad út Utert, WSSFS út Weinum, Natio Frisica út Amsterdam en FFJ Bernlef út Grins. Troch de jierren hinne binne ek lid wurden en west: Aldgillis út Delft, Finn út Leiden, Tsjerk Hiddes út Enschede, ASSFS Cygnus Resurgens út Amsterdam en de Mokumer Mjitte út Amsterdam. Troch de jierren hinne hat de Federaasje dus wol grutter west. Neidat yn 2019 nij libben ynblaasd wurden is by Aldgillis en sy sich wer oanslúten hawwe by de Federaasje, is ek de Federaasje wer in stik aktiver wurden. Sa is der wer in deistich bestjoer keazen, is der in nij karbrief opsteld en wurde der wer mear aktiviteiten organisseare.