It krystkongres

Sûnt 1931 wurdt der elts jier it Krystkongres organiseare yn de Bogt fen Guné yn Frjentsjer tusken kryst en de jierwiksel. Hjirby binne fansels de trije ferieningen dy’t lid binne fan de Federaasje oanwêzich, mar ek oare studinten. It is nammentlik in iepenbier kongres wêr’t alle studinten wolkom binne. Meastentiids binne it foaral Fryske studinten om útens. By dit kongres komme der serieuze saken oan bar, sa is der elts jier in tema en wurde der sprekkers útnûge dy’t yn dit ramt wat fertelle kommen. Dêrneist wurde der tradysjes yn stân holden, lykas de kabaretkriich, in dellekriich en in bierkriich, hjirby is in protte wille. It feest hjiromhinne en de oernachting yn hotel de Terp blike elts jier wer in grut sukses. De reden dat dit kongres plakhat yn Frjentsjer (en yn de Bogt), is dat Frjentsjer de âldste studintestêd fan Fryslân is. De Bogt is op syn beurt dan wer de âldste studintekroech fan Nederlân. Dit histoaryske aspekt giet net foarby yn it kongres. It kongres wurdt tradysje-getrou iepene troch de boargemaster fan Frjentsjer yn it âlde stedhûs. Bisto sels studint en liket it dy wat om dit mei te meitsjen, kom dan foaral ris del by it kongres.